

De konklúzje fan ARIIA wie dat mear bloedferjitten foarkomd wurde moast, en dat dêrta de útfierende macht yn 'e Feriene Steaten ferwidere wurde moast. De misrûne operaasje resultearre yndirekt ek yn 'e dea fan Amerikaanske boargers, om't pleatslike striders bloedich wraak nommen hawwe. It docht bliken dat by in resinte Amerikaanske oanfal op fermiende terroristen yn 'e Pakistaanske provinsje Balûtsjistan, dy't ARIIA ôfret hie, ynstee ûnskuldige boargers it slachtoffer wurden binne. Yn it Pentagon ûntdekke Pérez en Bowman in USB-stick mei ynformaasje dy't Ethan dêr foar syn dea ferburgen hie. Om likernôch dyselde tiid ûntdekke Jerry en Rachel dat de frou oan 'e tillefoan eins ARIIA is, en dat de kompjûter harren 'aktivearre' hat, sa't se it sels neamt, neffens it yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêstleine foech fan 'e oerheid om boargers te rekrutearjen foar de nasjonale ferdigening. Callister, dy't witte wol oft Ethan fermoarde is as ûnderdiel fan in terroristyske gearspanning om tagong ta ARIIA te krijen, lit Pérez efter by majoar William Bowman, de direkte superieur fan Shaw. De superkompjûter hjit 'Autonomous Reconnaissance Intelligence Integration Analyst', ôfkoarte ta ARIIA. It docht bliken dat Ethan tafersjoch hold op in steatsgeheime superkompjûter fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, dy't de automatisearring fan it sykjen nei en beoardieljen fan ynformaasje omfieme. Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.Īs jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.Īginte Pérez wurdt by minister fan Definsje George Callister roppen, fan wa't se te hearren kriget wat it echte wurk fan Ethan Shaw yn it Pentagon wie. wer by de oare ynstruminten leit sûnder dat immen murken hat dat it tydlik miste. In oare man stelt op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare, yn Chicago, de trompet fan Sam en bringt der in soanyske aktivator yn oan, foar't er it ynstrumint op 'e lofthaven fan Washington, D.C. Underwilens soarget de ûnbekende frou dat in kristal fan eksplosive heksametyleen nei in diamantwurker ta stjoerd wurdt, dy't it sûnder euvelmoed op har ynstruksje ta de foarm fan in ealstien snijt en yn in hinger set. As de FBI en de plysje harren efternei komme, manipulearret de frou oan 'e tillefoan alderhanne direkt of yndirekt op it ynternet oansletten apparaten, wêrûnder ferkearsljochten, tillefyzjes, mobile tillefoanen, kompjûterskermen en automatisearre hyskranen om harren ûntkomme te litten. Rachel moat foar de frou oan 'e tillefoan in tal opdrachten útfiere, wêrûnder it oppikken fan Jerry by in treinstasjon. Se wit de meiwurking fan Rachel ôf te twingen troch Rachel har jonge soan Sam te bedriigjen, dy't mei it orkest fan syn skoalle foar in optreden ûnderweis is nei it Kennedy Center yn Washington, D.C. Rachel Holloman is in allinnichsteande mem dy't út it neat wei troch deselde frou opskille wurdt. Wylst Morgan oerleit mei Zoë Pérez in aginte fan 'e United States Air Force Office of Special Investigations (OSI) dy't by de saak belutsen rekket fanwegen de fertochte dea fan Jerry syn broer, regelet de frou oan 'e tillefoan Jerry syn ûntsnapping. Mei't er dat net daliks docht, wurdt er arrestearre en ûnderfrege troch FBI-agint Tom Morgan. Hy wurdt opskille troch in ûnbekende frou, dy't him warskôget dat de Amerikaanske federale resjerzje FBI op it punt stiet om him op te pakken en dat er sjen moat dat er fuortkomt. Nei de begraffenis ûntdekt Jerry dat der $750.000 op syn bankrekken stoart is, en dat syn appartemint fol leit mei yllegale dingen. Jerry Shaw is in sjeesde studint dy't te hearren kriget dat syn twillingbroer Ethan, in ofsier by de Amerikaanske Loftmacht, omkommen is. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

It ferhaal folget in man en in frou dy't inoar net kenne, mar dy't troch in ûnbekende frou oan 'e tillefoan troch bedriging en sjantaazje twongen wurde om tegearre gefaarlike opdrachten út te fieren, wêrby't se al rillegau efterfolge wurde troch de Amerikaanske plysjetsjinsten. Caruso, mei yn 'e haadrollen Shia LaBeouf en Michelle Monaghan.

Eagle Eye is in Amerikaanske science fiction- aksje skriller út 2008 ûnder rezjy fan D.J.
